Artikel 44: Ministearjes; Minister sûnder Portefúlje
Artikel 44
- By keninklik beslút wurde ministearjes ynsteld. Sy steane ûnder lieding fan in minister.
- Ek kinne ministers beneamd wurde dy’t net belêste binne mei de lieding fan in ministearje.
In andere talen:
Ferklearring
Tink derom: allinnich de Nederlânsktalige ferzje fan de Grûnwet jildt.
Ministearjes wurde oprjochte by Keninklik Beslút. In minister liedt in ministearje. De minister hat de politike lieding oer it ministearje. Dit betsjut dat hy it belied yn brede termen bepaalt. De bestjoerlike lieding fan in ministearje is yn 'e hannen fan in Sekretaris-Generaal.
Der kinne ek ministers wêze dy't gjin ministearje liede. Dit binne ministers 'sûnder portefúlje'. Foarbylden hjirfan út it kabinet Rutte IV wiene de minister foar Bûtenlânske Hannel en Untwikkelingsgearwurking, de minister foar Langduorjende Soarch en Sport, de minister foar Natuer en Stikstof, en de minister foar Rjochtsbeskerming.