Paragraaf 2: Kening en ministers
Inhoud
42: Ministeriële ferantwurdlikens
- It regear wurdt foarme troch de Kening en de ministers.
- De Kening is ûnskeinber; de ministers binne ferantwurdlik.
43: Beneaming, ûntslach fan ministers
De minister-presidint en de oare ministers wurde by keninklik beslút beneamd en ûntslein.
44: Ministearjes; Minister sûnder Portefúlje
- By keninklik beslút wurde ministearjes ynsteld. Sy steane ûnder lieding fan in minister.
- Ek kinne ministers beneamd wurde dy’t net belêste binne mei de lieding fan in ministearje.
45: Ministerried & Premier
- De ministers foarmje tegearre de ministerried.
- De minister-presidint is foarsitter fan ’e ministerried.
- De ministerried rieplachtet en beslút oer it algemien regearingsbelied en befoarderet de ienheid fan dat belied.
46: Steatssekretarissen
- By keninklik beslút kinne steatssekretarissen beneamd en ûntslein wurde.
- In steatssekretaris treedt yn dy gefallen dat de minister it nedich achtet en mei achtslaan fan dy syn oanwizingen, yn syn plak as minister op. De steatssekretaris is op grûn dêrfan ferantwurdlik, mei behâld fan ’e ferantwurdlikheid fan ’e minister.
47: Undertekening fan wetten, Keninklike Besluten; kontra-ûndertekening
Alle wetten en keninklike besluten wurde troch de Kening en troch ien of mear ministers of steatssekretarissen ûndertekene.
48: Undertekening fan beneamings- en ûntslagbesluten foar ministers en steatssekretarissen
It keninklik beslút dêr’t de minister-presidint by beneamd wurdt, wurdt mei troch him ûndertekene. De keninklike besluten dêr’t de oare ministers en steatssekretarissen by beneamd of ûntslein wurde, wurde mei troch de minister-presidint ûndertekene.
49: Amtsbeëdiging; amtseed
Op de by wet foarskreaune wize lizze de ministers en de steatssekretarissen by it akseptearjen fan harren amt ta oerstean fan ’e Kening in eed, dan wol ferklearring en ûnthjit, fan suvering ôf en swarre of ûnthjitte trou oan ’e Grûnwet en in trouwe ferfolling fan harren amt.