Gean nei de haadynhâld


Kêst 48: Undertekening fan beneamings- en ûntslagbesluten foar ministers en steatssekretarissen

Kêst 48

It keninklik beslút dêr’t de minister-presidint by beneamd wurdt, wurdt mei troch him ûndertekene. De keninklike besluten dêr’t de oare ministers en steatssekretarissen by beneamd of ûntslein wurde, wurde mei troch de minister-presidint ûndertekene.

Ferklearring

Tink derom: allinnich de Nederlânsktalige ferzje fan de Grûnwet jildt. 

De premier ûndertekenet syn eigen beneamingsbesluit mei. Dit betsjut dat hy persoanlik ferantwurdlik is foar syn eigen beneaming. Hy ûndertekenet ek de beneamings- en ûntslagbesluten fan 'e oare ministers en steatssekretarissen. Dit ûnderstreket de ferantwurdlikens fan 'e premier foar syn rol yn 'e foarming fan it kabinet.

Sûnt 2012 wiist de Twadde Keamer de ynformateurs en formateurs oan en besprekt se harren ferslaggen. Nei de formaasje leit de minister-presidint yn de Twadde Keamer ferantwurding ôf oer de tafoarming fan it kabinet, by it debat oer de regearingsferklearring.