Artikel 36: Tydlike skorsing fan 'e útoefening fan keninklik gesach
De Kening kin it útoefenjen fan it keninklik gesach tydlik dellizze en dy útoefening ferfetsje út krêft fan in wet dêr’t it útstel troch of fanwegen him foar yntsjinne wurdt. De Steaten-Generaal rieplachtsje en beslute yn in mienskiplike gearkomste oangeande dit útstel.
In andere talen:
Ferklearring
Tink derom: allinnich de Nederlânsktalige ferzje fan de Grûnwet jildt.
As de Kening sels fan betinken is dat hy tydlik net by steat is om keninklik gesach út te oefenjen, wurdt it opjaan en weromnimmen fan keninklik gesach by wet regele. It wetsfoarstel kin allinnich troch de regearing yntsjinne wurde, dus it rjocht fan inisjatyf is net fan tapassing. De Steaten-Generaal behannelje dizze wet yn mienskiplike sitting.
In Kening kin syn taken net samar foar in part opjaan.
In regint sil keninklik gesach útoefenje. Dit is regele yn Artikel 37.