Artikel 35: ûnfermogen om keninklik gesach út te oefenjen
- Wannear’t de ministerried fan betinken is dat de Kening bûten steat is it keninklik gesach út te oefenjen, berjochtet er dat ûnder oerlizzing fan it dêrta frege advys fan ’e Ried fan Steat oan ’e Steaten-Generaal, dy’t dêrop yn in mienskiplike gearkomste gearkomme.
- Diele de Steaten-Generaal dit oardiel, dan ferklearje hja dat de Kening bûten steat is it keninklik gesach út te oefenjen. Dy ferklearring wurdt bekendmakke op lêst fan ’e foarsitter fan ’e gearkomste en wurdt fuortdaliks fan krêft.
- Sadree’t de Kening wer by steat is om it keninklik gesach út te oefenjen, wurdt dit by wet ferklearre. De Steaten-Generaal rieplachtsje en beslute yn in mienskiplike gearkomste oangeande dit útstel. Fuortdaliks nei it bekendmeitsjen fan dy wet ferfettet de Kening de útoefening fan it keninklik gesach.
- De wet regelet sa nedich it tafersjoch oer de persoan fan ’e Kening as er bûten steat ferklearre is om it keninklik gesach út te oefenjen. De Steaten-Generaal rieplachtsje en beslute yn in mienskiplike gearkomste oangeande dit útstel.
In andere talen:
English
- If the Cabinet (Ministerraad) is of the opinion that the King is unable to exercise the royal prerogative it shall inform the two Houses of the States General accordingly and shall also present to them the recommendation it has requested from the Council of State (Raad van State). The two Houses of the States General shall then meet in joint session.
- If the two Houses of the States General share this opinion, they shall then resolve that the King is unable to exercise the royal prerogative. This resolution shall be made public on the instructions of the Speaker presiding over the joint session and shall enter into force immediately.
- As soon as the King regains the ability to exercise the royal prerogative, notice of the fact shall be given in an Act of Parliament. The two Houses of the States General shall consider and decide upon the matter in joint session. The King shall resume the exercise of the royal prerogative as soon as the Act has been made public.
- If it has been resolved that the King is unable to exercise the royal prerogative, guardianship over his person shall, if necessary, be regulated by Act of Parliament. The two Houses of the States General shall consider and decide upon the matter in joint session.
Français
- Lorsque le Conseil des Ministres estime que le Roi est hors d'état d'exercer l'autorité royale, il en informe, en leur soumettant l'avis du Conseil d'État demandé à cet effet, les États généraux, qui se réunissent subséquemment en une seule assemblée.
- Si les États généraux partagent cette opinion, ils déclarent que le Roi est hors d'état d'exercer l'autorité royale. Cette déclaration est rendue publique sur l'ordre du président de l'assemblée et prend effet immédiatement.
- Dès que le Roi est de nouveau en état d'exercer l'autorité royale, déclaration en est faite par une loi. Les États généraux réunis en une seule assemblée délibèrent et statuent en la matière. Immédiatement après la publication de cette loi, le Roi reprend l'exercice de l'autorité royale.
- La loi règle si nécessaire la surveillance sur la personne du Roi lorsqu'il a été déclaré hors d'état d'exercer l'autorité royale. Les États généraux réunis en une seule assemblée délibèrent et statuent en la matière.
Deutsch
- Wenn der Ministerrat der Auffassung ist, der König sei außerstande, sein Amt auszuüben, teilt er dies unter Vorlage der hierzu vom Staatsrat erbetenen Empfehlung den Generalstaaten mit, die daraufhin zu einer Vollversammlung zusammentreten.
- Teilen die Generalstaaten diese Auffassung, dann erklären sie, der König sei außerstande, sein Amt auszuüben. Diese Erklärung wird auf Anordnung des Vorsitzenden der Versammlung bekannt gegeben und wird sofort wirksam.
- Sobald der König wieder zur Ausübung seines Amtes imstande ist, wird dies durch Gesetz erklärt. Die Generalstaaten beraten und beschließen hierüber in einer Vollversammlung. Sofort nach Bekanntmachung dieses Gesetzes übt der König sein Amt wieder aus.
- Das Gesetz regelt erforderlichenfalls die Aufsicht über die Person des Königs, wenn erklärt worden ist, er sei außerstande, sein Amt auszuüben. Die Generalstaaten beraten und beschließen hierüber in einer Vollversammlung.
Español
- Cuando el Consejo de Ministros sea de la opinión de que el Rey está inhabilitado para el ejercicio de la autoridad real, informará de ello, sometiendo el dictamen emitido por el Consejo de Estado, a los Estados Generales que seguidamente se reunirán en sesión conjunta.
- Si los Estados Generales compartieren esa opinión, éstos declararán que el Rey está inhabilitado para el ejercicio de la autoridad real. Esta declaración se hará publica por orden del Presidente de la asamblea y entrará en vigor inmediatamente.
- Tan pronto como el Rey vuelva a estar habilitado para el ejercicio de la autoridad real, se declarará así por una ley. Los Estados Generales deliberarán y decidirán sobre esa materia reunidos en sesión conjunta. Inmediatamente después de la publicación de esta ley, el Rey reasumirá el ejercicio de la autoridad real.
- La ley regulará, de ser necesario, la vigilancia sobre la persona del Rey mientras esté declarado inhabilitado para el ejercicio de la autoridad real. Los Estados Generales deliberarán y decidirán sobre esa materia reunidos en sesión conjunta.
Ferklearring
Tink derom: allinnich de Nederlânsktalige ferzje fan de Grûnwet jildt.
In Kening kin miskien net mear keninklik gesach útoefenje. Foarbylden binne lichaamlike of geastlike beheiningen, of as de Kening earne fêstige is dêr't keninklik gesach net útoefene wurde kin. De Ministerried kin dan de proseduere begjinne foar it ûnbekwaam ferklearjen fan de Kening:
- De Ministerried freget advys oan de Ried fan Steat
- De Ministerried stelt de Steaten-Generaal op 'e hichte en slút it advys fan 'e Ried fan Steat by
- De Steaten-Generaal komme byinoar yn in mienskiplike sitting
- en ferklearje dêrnei, mits se it iens binne mei de Ministerried, dat de Kening net by steat is om keninklik gesach út te oefenjen.
In Regent oefenet keninklik gesach út. Dit is regele yn Artikel 37.
As de Kening wer by steat is om keninklik gesach út te oefenjen, moat dit ferklearre wurde yn in wet dy't behannele wurdt yn in mienskiplike sitting. It rjocht fan inisjatyf is fan tapassing, sadat de Steaten-Generaal it keninklik gesach weromjaan kinne oan de Kening sûnder belutsenens fan de Ministerried. De Kening kin ek sels it inisjatyf nimme om tydlik it keninklik gesach op te jaan. Dit is regele yn Artikel 36.