Artikel 34: Beskerming fan 'e minderjierrige kening
Artikel 34
De wet regelet it âlderlik gesach en de fâdij oer de minderjierrige Kening en it tafersjoch dêrop. De Steaten-Generaal rieplachtsje en beslute yn in mienskiplike gearkomste oangeande dit útstel.
In andere talen:
Ferklearring
Tink derom: allinnich de Nederlânsktalige ferzje fan de Grûnwet jildt.
De wet regelet wa't de fersoarger is fan 'e minderjierrige Kening. Dy wet stelt net allinnich fêst wa't it âlderlike gesach of de fâdij oer de minderjierrige Kening hat, mar ek wa't der tafersjoch op hâldt. De Earste en Twadde Keamer komme byinoar en beslute tegearre oer dat wetsfoarstel yn in mienskiplike sesje.