Gean nei de haadynhâld


Kêst 33: Minimumleeftyd foar it útoefenjen fan keninklik gesach

Kêst 33

De Kening oefenet it keninklik gesach earst út nei’t er de âldens fan achttjin jier berikt hat.

Ferklearring

Tink derom: allinnich de Nederlânsktalige ferzje fan de Grûnwet jildt. 

In troanopfolger kin al foar syn achttjinde jier Kening wurde, mar mei dan noch gjin keninklik gesach útoefenje. Hy kin bygelyks gjin wetten ûndertekenje. In regint oefenet it keninklik gesach út neffens kêst 37.