Skip to main content


Paragraaf 1: Kening

Inhoud

24: Erflik keningskip

It keningskip wurdt erflik ferfolle troch de wettige opfolgers fan Kening Willem I, Prins fan Oranje-Nassau.

25: Opfolging

It keningskip giet by ferstjerren fan ’e Kening út krêft fan erfopfolging oer op syn wettige neikommelingen, wêrby’t it âldste bern foarrang hat, mei plakferfolling neffens deselde regel. Binne der gjin eigen neikommelingen, dan giet it keningskip op gelikense wize oer op ’e wettige neikommelingen earst fan syn âlder, dan fan syn grutâlder, yn ’e line fan erfopfolging, foar safier’t de ferstoarne Kening oanbelanget net fierder besteand as yn ’e tredde graad fan sibskip.

26: Rjocht ûnberne bern fan 'e kening

It bern, dêr’t in frou fan yn ferwachting is op it stuit fan it ferstjerren fan ’e Kening, wurdt foar de erfopfolging as al berne oanmurken. Komt it dea op ’e wrâld, dan wurdt it achte nea bestien te hawwen.

27: Abdikaasje fan 'e monargy

Ofstân fan it keningskip liedt ta erfopfolging neffens de regels yn ’e foargeande kêsten. Nei de ôfstân berne bern en harren neikommelingen binne fan ’e erfopfolging útsletten.

28: Kening syn houlik

  1. De Kening, in houlik oangeande bûten by de wet ferliende tastimming, docht dêrtroch ôfstân fan it keningskip.
  2. Giet ien dy’t it keningskip fan ’e Kening beërvje kin in sadanich houlik oan, dan is er mei de út dit houlik berne bern en har neikommelingen fan ’e erfopfolging útsletten.
  3. De Steaten-Generaal rieplachtsje en beslute yn in mienskiplike gearkomste oangeande in wetsútstel mei as doel it ferlienen fan tastimming.

29: Útsluting fan 'e troanopfolging

  1. Wannear’t útsûnderlike omstannichheden dêrta twinge, kinne by wet ien of mear persoanen fan ’e erfopfolging útsletten wurde.
  2. It útstel dêrta wurdt troch of fanwegen de Kening yntsjinne. De Steaten-Generaal rieplachtsje en beslute yn in mienskiplike gearkomste oangeande dit útstel. Hja kinne it útstel allinnich oannimme mei op syn minst twa tredde fan it tal útbrochte stimmen.

30: Beneaming fan erfgenamt fan 'e troan

  1. Wannear’t it foarútsjoch bestiet dat in opfolger ûntbrekke sil, kin dy by wet beneamd wurde. It útstel wurdt troch of fanwegen de Kening yntsjinne. Nei de yntsjinning fan it útstel wurde de keamers ûntbûn. De nije keamers rieplachtsje en beslute yn in mienskiplike gearkomste oangeande dit útstel. Hja kinne it útstel allinnich oannimme mei op syn minst twa tredde fan it tal útbrochte stimmen.
  2. As by it ferstjerren fan ’e Kening of by ôfstân fan it keningskip in opfolger ûntbrekt, wurde de keamers ûntbûn. De nije keamers komme binnen fjouwer moanne nei it ferstjerren of de ôfstân yn in mienskiplike gearkomste byinoar om te besluten oer de beneaming fan in Kening. Sy kinne in opfolger allinnich beneame mei op syn minst twa tredde fan it tal útbrochte stimmen.

31: Erfgenamt beneamd ta kening

  1. In beneamde Kening kin út krêft fan erfopfolging allinnich opfolge wurde troch syn wettige neikommelingen.
  2. De bepalingen oangeande de erfopfolging en it earste lid fan dit kêst binne fan gelikense tapassing op in beneamde opfolger, salang’t dy noch gjin Kening is.

32: Ynbewearing; ynwijing fan 'e kening

Neidat de Kening begûn is mei de útoefening fan it keninklik gesach, wurdt er sa gau mooglik beëdige en ynhuldige yn ’e haadstêd Amsterdam yn in iepenbiere mienskiplike gearkomste fan ’e Steaten-Generaal. Hy swart of ûnthjit trou oan ’e Grûnwet en in trouwe ferfolling fan syn amt. De wet stelt neiere regels fêst.

33: Minimumleeftyd foar it útoefenjen fan keninklik gesach

De Kening oefenet it keninklik gesach earst út nei’t er de âldens fan achttjin jier berikt hat.

34: Beskerming fan 'e minderjierrige kening

De wet regelet it âlderlik gesach en de fâdij oer de minderjierrige Kening en it tafersjoch dêrop. De Steaten-Generaal rieplachtsje en beslute yn in mienskiplike gearkomste oangeande dit útstel.

35: ûnfermogen om keninklik gesach út te oefenjen

  1. Wannear’t de ministerried fan betinken is dat de Kening bûten steat is it keninklik gesach út te oefenjen, berjochtet er dat ûnder oerlizzing fan it dêrta frege advys fan ’e Ried fan Steat oan ’e Steaten-Generaal, dy’t dêrop yn in mienskiplike gearkomste gearkomme.
  2. Diele de Steaten-Generaal dit oardiel, dan ferklearje hja dat de Kening bûten steat is it keninklik gesach út te oefenjen. Dy ferklearring wurdt bekendmakke op lêst fan ’e foarsitter fan ’e gearkomste en wurdt fuortdaliks fan krêft.
  3. Sadree’t de Kening wer by steat is om it keninklik gesach út te oefenjen, wurdt dit by wet ferklearre. De Steaten-Generaal rieplachtsje en beslute yn in mienskiplike gearkomste oangeande dit útstel. Fuortdaliks nei it bekendmeitsjen fan dy wet ferfettet de Kening de útoefening fan it keninklik gesach.
  4. De wet regelet sa nedich it tafersjoch oer de persoan fan ’e Kening as er bûten steat ferklearre is om it keninklik gesach út te oefenjen. De Steaten-Generaal rieplachtsje en beslute yn in mienskiplike gearkomste oangeande dit útstel.

36: Tydlike skorsing fan 'e útoefening fan keninklik gesach

De Kening kin it útoefenjen fan it keninklik gesach tydlik dellizze en dy útoefening ferfetsje út krêft fan in wet dêr’t it útstel troch of fanwegen him foar yntsjinne wurdt. De Steaten-Generaal rieplachtsje en beslute yn in mienskiplike gearkomste oangeande dit útstel.

37: Regintskip

  1. It keninklik gesach wurdt útoefene troch in regint:
    1. salang’t de Kening de âldens fan achttjin jier net berikt hat;
    2. as in noch net berne bern ta it keningskip roppen wêze kin;
    3. as de Kening bûten steat ferklearre is om it keninklik gesach út te oefenjen;
    4. as de Kening de útoefening fan it keninklik gesach tydlik dellein hat;
    5. salang nei it ferstjerren fan ’e Kening of nei syn ôfstân fan it keningskip as der gjin opfolger is.
  2. De regint wurdt beneamd by de wet. De Steaten-Generaal rieplachtsje en beslute yn in mienskiplike gearkomste oangeande dit útstel.
  3. Yn de yn it earste lid ûnder c en d neamde gefallen wurdt de neikommeling fan ’e Kening dy’t syn fermoedlike opfolger is fan rjochtswegen regint as er de âldens fan achttjin jier berikt hat.
  4. De regint swart of ûnthit trou oan ’e Grûnwet en in trouwe ferfolling fan syn amt, yn in mienskiplike gearkomste fan ’e Steaten-Generaal. De wet jout neiere regels oangeande it regintskip en kin foarsjen yn ’e opfolging en de ferfanging dêryn. De Steaten-Generaal rieplachtsje en beslute yn in mienskiplike gearkomste oangeande dit útstel.
  5. Op ’e regint binne de kêsten 35 en 36 fan gelikense tapassing.

38: Utoefening fan keninklik gesach Ried fan Steat

Salang’t net yn it útoefenjen fan it keninklik gesach foarsjoen is, wurdt dat útoefene troch de Ried fan Steat.

39: Lidmaatskip fan it Keninklik Hûs

De wet regelet wa’t lid is fan it Keninklik Hûs.

40: Taslach foar leden fan it Keninklik Hûs; belestingfrijstelling

  1. De Kening kriget alle jierren foar rekken fan it Ryk útkearingen nei de by wet te stellen regels. De wet bepaalt oan hokker oare leden fan it keninklik hûs útkearingen foar rekken fan it Ryk takend wurde en regelet dy útkearingen.
  2. De troch harren ûntfangen útkearingen foar rekken fan it Ryk, en ek de fermogensbestândielen dy’t tsjinstber binne oan it útoefenjen fan harren funksje, binne frij fan persoanlike belestingen. Fierder is itjinge dat de Kening of syn fermoedlike opfolger út krêft fan erfrjocht of troch skinking krijt fan in lid fan it Keninklik Hûs frij fan suksesje-, oergongs- en skinkingsrjochten. Fierdere frijdom fan belestingen kin by wet ferliend wurde.
  3. De keamers fan ’e Steaten-Generaal kinne de yn ’e foarige lidden bedoelde wetsútstellen allinnich oannimme mei op syn minst twa tredde fan it oantal útbrochte stimmen.

41: Keninklik Hûs meubels; privacy

De Kening rjochtet, mei achtslaan fan it iepenbier belang, syn Hûs yn.