Artikel 25: Opfolging
It keningskip giet by ferstjerren fan ’e Kening út krêft fan erfopfolging oer op syn wettige neikommelingen, wêrby’t it âldste bern foarrang hat, mei plakferfolling neffens deselde regel. Binne der gjin eigen neikommelingen, dan giet it keningskip op gelikense wize oer op ’e wettige neikommelingen earst fan syn âlder, dan fan syn grutâlder, yn ’e line fan erfopfolging, foar safier’t de ferstoarne Kening oanbelanget net fierder besteand as yn ’e tredde graad fan sibskip.
In andere talen:
Ferklearring
Tink derom: allinnich de Nederlânsktalige ferzje fan de Grûnwet jildt.
It keningskip giet oer nei de wettige bern fan 'e kening, nettsjinsteande oft se soannen of dochters binne. It âldste bern en dan de bern fan it âldste bern komme earst yn oanmerking. Dêrnei it twadde bern fan 'e kening en de bern fan it twadde bern, dan it tredde bern en de bern fan it tredde bern... ensfh.
As der op dizze manier gjin bern fûn wurde kinne dy't kening wurde kinne, komt de âldste broer of suster fan 'e kening yn oanmerking foar it keningskip, folge troch syn/har bern op deselde wize as by de bern fan 'e kening. Dan de twadde broer of suster, tredde broer of suster... ensfh.
As der ek op dizze manieren gjin kening beskikber is, komt de âldste omke of muoike fan 'e kening yn oanmerking foar it keningskip. Dan de twadde âldste omke of muoike, ensfh. De bern fan omkes of muoikes binne lykwols útsletten fan it opfolgjen fan in kening, om't se famylje yn 'e fjirde graad binne.
Artikel 30 regelet wat der barre moat as der gjin opfolger is.