Gean nei de haadynhâld


Kêst 134: Oare iepenbiere ynstânsjes

Kêst 134
  1. By of út krêft fan ’e wet kinne iepenbiere lichems foar berop en bedriuw en oare iepenbiere lichems ynsteld en opheft wurde.
  2. De wet regelet de taken en ynrjochting fan dy iepenbiere lichems, de gearstalling en it foech fan harren bestjoeren, en ek de iepenbierheid fan harren gearkomsten. By of út krêft fan ’e wet kin oan harren bestjoeren it feroarderjend foech jûn wurde.
  3. De wet regelet it tafersjoch op dy bestjoeren. Ferneatiging fan besluten fan dy bestjoeren kin allinnich barre fanwegen striid mei it rjocht of it algemien belang.

Ferklearring

Tink derom: allinnich de Nederlânsktalige ferzje fan de Grûnwet jildt. 

By of krêftens de wet kinne iepenbiere lichems foar berop en bedriuw en oare iepenbiere lichems oprjochte wurde. In foarbyld is de Nederlandse orde van advocaten, op grûn fan de Advocatenwet.

De wet regelet de taken en ynrjochting fan dizze lichems, de gearstalling en foegen fan harren bestjoeren en it tafersjoch dêrop.

Lykas by provinsjes en gemeenten kinne besluten ûnjildich ferklearre wurde as se yn striid binne mei de wet of it iepenbier belang.