Gean nei de haadynhâld


Kêst 128: It jaan fan foegen oan oare ynstânsjes

Kêst 128

Utsein yn de gefallen bedoeld yn kêst 123, kin de takenning fan foegen, lykas bedoeld yn kêst 124, earste lid, oan oare organen as dy neamd yn kêst 125 allinnich troch respektivelik provinsjale steaten of de gemeenteried barre.

Ferklearring

Tink derom: allinnich de Nederlânsktalige ferzje fan de Grûnwet jildt. 

Utsein yn de gefallen fan kêst 123 meie allinnich de Provinsjale Steaten of de gemeenteried autonome foegen fan de provinsje of gemeente takenne oan oare organen as dy’t yn kêst 125 neamd wurde. It giet om de eigen húshâlding fan provinsje en gemeente, bedoeld yn kêst 124, earste lid.

Dit betsjut bygelyks dat allinnich in gemeente beslute kin oer intra-gemeentlike desintralisaasje, lykas it oprjochtsjen fan sub-gemeentlike rieden of buertrieden.