Kêst 129: Ferkiezing fan leden fan provinsjale en gemeenterieden; amtstermyn; ûnkompatibiliteiten; stimmen sûnder mandaat
- De leden fan provinsjale steaten en fan ’e gemeenteried wurde streekrjocht keazen troch de Nederlanners, dy’t ek ynwenners binne fan respektivelik de provinsje of de gemeente, dy’t foldogge oan de easken dy’t jilde foar de ferkiezing fan ’e Twadde Keamer fan ’e Steaten-Generaal. Foar it lidmaatskip jilde deselde easken.
- De leden wurde keazen op ’e grûnslach fan evenredige fertsjintwurdiging binnen troch de wet te stellen grinzen.
- De kêsten 53, twadde lid, en 59 binne fan tapassing. Kêst 57a is fan gelikense tapassing.
- De sittingsdoer fan provinsjale steaten en de gemeenteried is fjouwer jier, mei behâld fan de by de wet te bepalen útsûnderingen.
- De wet bepaalt hokker betrekkingen net tagelyk mei it lidmaatskip útoefene wurde kinne. De wet kin bepale dat út besibbens of houlik behinderingen foar it lidmaatskip folgje en dat it dwaan fan by de wet oanwiisde hannelingen ta it ferlies fan it lidmaatskip liede kin.
- De leden stimme sûnder lêst.
Ferklearring
Tink derom: allinnich de Nederlânsktalige ferzje fan de Grûnwet jildt.
De easken foar aktyf en passyf stimrjocht foar de Provinsjale Steaten en de gemeenteried binne itselde as dy foar de Twadde Keamer. Der jildt lykwols in ekstra betingst: de kiezer dy't kiezersrjocht hat moat yn 'e oanbelangjende provinsje of gemeente wenje.
De Provinsjale Steaten en de gemeenteried wurde elke fjouwer jier keazen op basis fan evenredige fertsjintwurdiging. Tydlike ferfanging fanwegen swangerskip is mooglik.
De wet bepaalt hokker funksjes net tagelyk mei it lidmaatskip fan de Provinsjale Steaten of de gemeenteried útoefene wurde meie. De wet kin ek behinderingen foar it lidmaatskip fanwegen besibbens of houlik fêststelle, en bepale dat it dwaan fan oanwiisde hannelingen ta ferlies fan it lidmaatskip liedt.