Kêst 122: Graasje, amnesty
- Graasje wurdt ferliend by keninklik beslút nei advys fan in by de wet oanwiisd gerjocht en mei achtslaan fan by of út krêft fan ’e wet te stellen foarskriften.
- Amnesty wurdt by of út krêft fan ’e wet ferliend.
Ferklearring
Tink derom: allinnich de Nederlânsktalige ferzje fan de Grûnwet jildt.
Graasje is it ferminderjen of opheffen fan in troch de rjochter opleine straf of maatregel. De Gratiewet regelet de graasje. Amnesty nimt de strafberens fan bepaalde strafbere feiten wei en wurdt by of krêftens de wet ferliend.