Kêst 109: Wet op amtners
De wet regelet de rjochtsposysje fan amtners. Hja stelt boppedat regels oangeande harren beskerming by it wurk en oangeande meisizzenskip.
Ferklearring
Tink derom: allinnich de Nederlânsktalige ferzje fan de Grûnwet jildt.
De rjochtsposysje fan amtners moat in wetlike grûnslach hawwe. Foar in soad amtners jildt sûnt 2020 it gewoane arbeidsrjocht, neist de bysûndere plichten út de Ambtenarenwet 2017. Foar ûnder oaren plysje, definsje en rjochterlike amtners jilde bysûndere regelingen.
Oangeande arbeidsbeskerming en meiwurkerspartisipaasje foar alle amtners moatte der regels wêze dy't basearre binne op 'e wet.