Gean nei de haadynhâld


Kêst 107: Kodifikaasje; bestjoersrjocht

Kêst 107
  1. De wet regelet it boargerlik rjocht, it strafrjocht en it boargerlik en strafprosesrjocht yn algemiene wetboeken, mei behâld fan it foech ta regeling fan ferskate ûnderwerpen yn aparte wetten.
  2. De wet stelt algemiene regels fan bestjoersrjocht fêst.

Ferklearring

Tink derom: allinnich de Nederlânsktalige ferzje fan de Grûnwet jildt. 

It boargerlik rjocht is regele yn it Burgerlijk Wetboek en it strafrjocht yn it Wetboek van Strafrecht. It boargerlik prosesrjocht stiet yn it Wetboek van Burgerlijke Rechtsvordering en it strafprosesrjocht yn it Wetboek van Strafvordering.

De wetjouwer mei aparte ûnderwerpen ek yn ôfsûnderlike wetten regelje. Algemiene regels fan bestjoersrjocht steane yn de Algemene wet bestuursrecht (Awb).