Gean nei de haadynhâld


Kêst 80: Iepenbier meitsjen fan advizen

Kêst 80
  1. De advizen fan ’e kolleezjes dy't yn dit haadstik neamd binne, wurde iepenbier makke neffens de by de wet te stellen regels.
  2. Advizen, útbrocht oangeande wetsútstellen dy’t troch of fanwegen de Kening yntsjinne wurde, wurde, met behâld fan de by de wet te stellen útsûnderingen, oerlein oan ’e Steaten-Generaal.

Ferklearring

Tink derom: allinnich de Nederlânsktalige ferzje fan de Grûnwet jildt. 

De advizen fan de yn haadstik 4 neamde kolleezjes binne yn prinsipe iepenbier, neffens regels dy’t by wet steld wurde. Dy regels steane ûnder mear yn de Wet open overheid (Woo), de Wet op de Raad van State en de Comptabiliteitswet 2016.

Advizen oer wetsfoarstellen dy't troch de regearing by de Steaten-Generaal yntsjinne wurde, wurde oer it algemien by de Steaten-Generaal yntsjinne. Útsûnderingen hjirfan moatte by wet fêststeld wurde.