Skip to main content


Kêst 10: Privacy

Kêst 10
  1. Elk hat, útsein by of út krêft fan ’e wet te stellen beheiningen, rjocht op earbiediging fan syn persoanlike libbenssfear.
  2. De wet stelt regels om ’e persoanlike libbenssfear te beskermjen yn ferbân mei it fêstlizzen en trochjaan fan persoansgegevens.
  3. De wet stelt regels oangeande de oanspraken fan persoanen op it ynsjen fan de oer harren fêstleine gegevens en it gebrûk dat dêrfan makke wurdt, en ek op it ferbetterjen fan dy gegevens.

Ferklearring

Tink derom: allinnich de Nederlânsktalige ferzje fan de Grûnwet jildt. 

Dit artikel stelt dat elkenien it rjocht hat om allinnich litten te wurden yn 'e privacy fan syn of har persoanlike sfear en bygelyks net ôflústere te wurden.

De persoanlike sfear omfettet ûnder oare:

  • it hûs
  • korrespondinsje
  • kommunikaasje fia tillefoan en oare kommunikaasjemiddels
  • it rjocht om net bespionearre of ôflústere te wurden
  • it rjocht op soarchfâldige omgong mei persoanlike gegevens
  • it rjocht op respekt foar it eigen ynderlik libben
  • it rjocht op respekt foar de fysike yntegriteit

De wet kin dit rjocht yn bepaalde gefallen beheine, bygelyks by it ûndersyk nei misdieden. De wetjouwer stelt ek regels fêst foar it gebrûk fan privacygefoelige gegevens.