Gean nei de haadynhâld


Kêst 77: Lidmaatskip fan 'e Rekkenkeamer

Kêst 77
  1. De leden fan ’e Algemiene Rekkenkeamer wurde by keninklik beslút foar it libben beneamd út in foardracht fan trije persoanen, opmakke troch de Twadde Keamer fan ’e Steaten-Generaal.
  2. Op eigen fersyk en fanwegen it berikken fan in by de wet fêst te stellen âldens wurde hja ûntslein.
  3. Yn ’e by de wet oanwiisde gefallen kinne hja troch de Hege Ried tydlik út it amt setten of ûntslein wurde.
  4. De wet regelet fierder harren rjochtsposysje.

Ferklearring

Tink derom: allinnich de Nederlânsktalige ferzje fan de Grûnwet jildt. 

De regearing beneamt de leden fan 'e Rekkenkeamer by Keninklik Beslút. De regearing moat lykwols kieze út trije persoanen dy't troch de Twadde Keamer nominearre binne. De leden fan 'e Rekkenkeamer kinne allinnich ûntslein wurde

  • op eigen fersyk;
  • by it berikken fan de wetlike ûntslachleeftyd fan 70 jier;
  • troch de Hege Ried yn de by wet oanwiisde gefallen.

De Hege Ried kin in lid ek skorse yn de by wet oanwiisde gefallen. De regeling foar ûntslach en skorsing stiet yn kêst 7.5 fan de Comptabiliteitswet 2016.

De rjochtsposysje fan 'e leden fan 'e Rekkenkeamer liket sterk op 'e rjochtsposysje fan leden fan 'e rjochterlike macht. Dit garandearret de ûnôfhinklikens fan 'e Rekkenkeamer.