Gean nei de haadynhâld


Kêst 63: Finansjele bepalingen foar leden fan it parlemint

Kêst 63

Jildlike foarsjenningen foar leden en eardere leden fan ’e Steaten-Generaal en fan harren neibesteanden wurde by wet regele. De keamers kinne in wetsútstel datoangeande earst oannimme mei op syn minst twa tredde fan it tal útbrochte stimmen.

Ferklearring

Tink derom: allinnich de Nederlânsktalige ferzje fan de Grûnwet jildt. 

Wat leden fan it parlemint fertsjinje wurdt yn in wet fêstlein. Der is ek in wet oangeande hoe't harren pensjoenen regele binne en wat potinsjele neibesteanden krije. De Keamers kinne sa'n wet allinnich oannimme of wizigje mei teminsten twatredde fan 'e útbrochte stimmen.

Trije wetten binne yn dizze kontekst fan tapassing:

  • de Kompensaasjewet foar leden fan de Twadde Keamer (Wet schadeloosstelling Tweede Kamerleden)
  • de Wet op fergoedingen foar leden fan 'e Earste Keamer (Wet vergoedingen leden Eerste Kamer)
  • de Algemiene Pensjoen- en Foardielenwet foar Politike Amtsdragers (Algemene pensioen- en uitkeringswet politieke ambtsdragers).