Skip to main content


Kêst 16: Gjin straf sûnder wet; Nulla poena-prinsipe

Kêst 16

Gjin feit is strafber útsein út krêft fan in dêrfoar foarôfgiene wetlike strafbepaling.

Ferklearring

Tink derom: allinnich de Nederlânsktalige ferzje fan de Grûnwet jildt. 

As gedrach kriminalisearre wurdt, jildt dit allinich fan it momint dat de kriminalisaasje yn wurking treedt. Dêrom kin elkenien dy't in hanneling begien hat foardat it kriminalisearre waard, net bestraft wurde.

Oanfoljend artikel IX bepaalt dat artikel 16 net fan tapassing is op oarlochsmisdieden tsjin 'e minsklikheid dy't neamd wurde yn it Beslút oer it Bûtengewoane Strafrjocht.