Kêst 71: Parlemintêre immuniteit
De leden fan ’e Steaten-Generaal, de ministers, de steatssekretarissen en oare persoanen dy’t dielnimme oan it beried, kinne net yn rjochte ferfolge of oansprutsen wurde foar wat hja yn ’e gearkomsten fan ’e Steaten-Generaal of fan kommisjes dêrút sein hawwe of dêroan skriftlik oerlein hawwe.
Ferklearring
Tink derom: allinnich de Nederlânsktalige ferzje fan de Grûnwet jildt.
Parlemintsleden, ministers en steatssekretarissen kinne net strafrjochtlik ferfolge wurde en binne net boargerlik oanspraaklik foar wat se yn 'e Keamer sein hawwe of skriftlik oan 'e Keamer meidield hawwe.
De ymmuniteit jildt foar plenaire gearkomsten en kommisjegearkomsten, ek efter sletten doarren. Se jildt net foar útspraken bûten de gearkomste nei ôfrin dêrfan. Yn 1939 waard it Roomsk-Katolike Parlemintslid Ruyter ferfolge om't hy, nei it sluten fan in (tumulteuze) parlemintsgearkomste, it NSB-lid Rost van Tonningen in ferrieder neamd hie.