Kêst 56: Easken foar lidmaatskip fan 'e Steaten-Generaal
Om lid fan ’e Steaten-Generaal wêze te kinnen, is fereaske dat men Nederlanner is, de âldens fan achttjin jier berikt hat en net útsletten is fan it kiesrjocht.
Ferklearring
Tink derom: allinnich de Nederlânsktalige ferzje fan de Grûnwet jildt.
Nederlânske boargers dy't achttjin jier of âlder binne en aktyf stimrjocht hawwe, kinne keazen wurde foar de Twadde Keamer en de Earste Keamer.