Kêst 53: evenredige fertsjintwurdiging; geheime stimming
- De leden fan beide keamers wurde keazen op ’e grûnslach fan evenredige fertsjintwurdiging binnen troch de wet te stellen grinzen.
- De ferkiezingen wurde hâlden by geheime stimming.
Ferklearring
Tink derom: allinnich de Nederlânsktalige ferzje fan de Grûnwet jildt.
Ferkiezings foar de Twadde Keamer en de Earste Keamer wurde hâlden op basis fan evenredige fertsjintwurdiging binnen de grinzen dy't by wet fêststeld binne. Dit betsjut dat de wetjouwer net ferplichte is om te stribjen nei absolute evenredichheid. In systeem mei aparte kiesdistrikten of in kiesdrompel is dêrom mooglik. Oant 1983 waarden leden fan 'e Earste Keamer bygelyks keazen troch fjouwer aparte groepen Provinsjale Steaten. Dit is regele yn 'e Kieswet.
Derneist is it fûnemintele prinsipe dat ferkiezings geheim binne opnommen. Doe't dúdlik waard dat stimmasines ôflústere wurde koene, besleat de regearing yn 2007 werom te gean nei hânmjittich stimmen mei stimbiljetten en in read potlead.