Skip to main content


Kêst 17: Ius de non evocando; Wettelijke útspraak fan 'e rjochter

Kêst 17
  1. Elk hat by it fêststellen fan syn rjochten en ferplichtingen of by it fêststellen oft in tsjin him ynstelde ferfolging grûndearre is, rjocht op in earlik proses binnen in reedlike termyn foar in ûnôfhinklike en ûnpartidige rjochter.
  2. Gjinien kin tsjin syn wil ôfholden wurde fan ’e rjochter dy’t de wet him takent.

Ferklearring

Tink derom: allinnich de Nederlânsktalige ferzje fan de Grûnwet jildt. 

In boarger dy't fertocht wurdt fan in mooglik misdriuw hat rjocht op it oardiel fan in ûnôfhinklike en ûnpartidige rjochter binnen in ridlike tiid. Elke boarger kin ek in skeel mei in meiboarger of de oerheid foarlizze oan in ûnôfhinklike en ûnpartidige rjochter as dit by wet foarsjoen is. Nimmen kin dat rjocht foarkomme. It rjocht om it oardiel fan in ûnôfhinklike en ûnpartidige rjochter te freegjen is ien fan 'e pylders fan 'e rjochtssteat.

Fansels kinne yndividuen frijwillich ynstimme dat in skeel op in oare manier oplost wurdt.